Winnipegosis-mar Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuReferences, op dizze side

Multi tool use
Mar yn Manitoba
IngelskFrânskNoardamerikaanske kontinintmarrenKanadeeskeprovinsjeManitobaWinnipegmarWaterhenManitobamarWinnipegmarNelsonHudsonbaaifiskerijbreedbekbearssoartenfisksnoekhardertrekfûgelsReferences, op dizze side
Winnipegosis-mar
Jump to navigation
Jump to search
Winnipegosis-mar | ||
![]() | ||
geografy | ||
lokaasje | midden fan Noard-Amearika | |
koördinaten | 52°30′N 100°00′W | |
sifers | ||
maks. lingte | 240 km | |
maks. breedte | 51 km | |
oerflak | 5.370 km² | |
djipste punt | 18 m |
De Winnipegosis-mar (Ingelsk: Lake Winnipegosis; Frânsk: Lac Winnipegosis), is in grut binnenwetter yn it sintrale diel fan it Noardamerikaanske kontinint, en de op ien nei grutste fan 'e mear as 110.000 marren yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba (nei de Winnipegmar). It hat in oerflak fan krapoan 5.400 km² en in djipste punt op 18 m ûnder it wetteroerflak.
De Winnipegosis-mar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it noarden en suden wize. Op it langste punt mjit de mar 240 km en op it breedste 51 km. In gebiet fan hast 50.000 km² wetteret yn 'e Winnipegosis-mar ôf, en giet dêrwei streamôf troch de rivier de Waterhen, fia de Manitobamar en de Winnipegmar, en úteinlik troch de rivier de Nelson rjochting de Hudsonbaai.
Foarhinne waard de Ingelske namme ek wol skreaun as Lake Winipigoos of Lake Winipigis, mar dy staveringsfoarmen binne no sa stadichoan útstoarn. De namme "Winnipegosis" is in ferlytsingsfoarm fan "Winnipeg", dat "dridzich wetter" betsjut; sadwaande kin "Winipegosis" dus oerset wurde as "dridzich wetterke" of "lyts dridzich wetter".
De Winnipegosis-mar is ferneamd om 'e kommersjele fiskerij op breedbekbears en oare soarten swietwetterfisk, lykas snoek en harder, dy't tsjintwurdich mear as 80% fan 'e fangst útmeitsje. Teffens is it in trekpleister foar trekfûgels, en sadwaande komme der by 't hjerstmis ek altyd in protte jagers op 'e mar ôf.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Kategory:
- Mar yn Manitoba
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.048","walltime":"0.066","ppvisitednodes":"value":644,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":3956,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":735,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 47.454 1 -total"," 94.40% 44.797 1 Berjocht:Universele_ynfoboks_see_en_mar"," 86.06% 40.841 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 9.05% 4.293 6 Berjocht:!!"," 5.46% 2.593 1 Berjocht:Boarnen"," 5.19% 2.461 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"],"cachereport":"origin":"mw1275","timestamp":"20190307170802","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":130,"wgHostname":"mw1333"););PIPiDeAJZ3M4sNTjqnhG,Dz6zApwntNQyOxkM7YZ,mH,t